Slavysk (door Henk Kuiper)



Tsjisse Hettema – Henk Kuiper (Slavysk)

1 d4 d5 2 c4 c6 3 Hc3 Hf6 4 Hf3 e6 5 Lg5 dxc4 6 e4 b5 7 e5…
Op dizze set hie ik rekkene. Dit wurdt in suvere Anty-Meraner Botwinnik Fariant. Al jierrenlang ris spylje wold, mar noait op it boerd krije kind.
7… h6 8 Lh4 g5 9 Hxg5 hxg5 10 Lxg5… Hjirnei it hynder op d7 sette, oars komt Loper x f6.
10… Hd7 11 exf6 Lb7 12 g3 c5 13 d5… Sterker as f3 fansels.
13…Db6 14 Lg2 0-0-0 15 0-0 b4 16 Ha4 Db5 De dame op a5 of op d6 is ek in opsje. Mar Dame b5 hat ek de foarkar fan Jeroen Piket en dan kin der neat mis mei wêze.

  a b c d e f g h  
 8   8 
 7   7 
 6   6 
 5   5 
 4   4 
 3   3 
 2   2 
 1   1 
  a b c d e f g h  


17 b3? Hjir koe Tsjisse him wolris fersinne, a3 is fansels folle twingender.
17… c3 18 dxe6… Sille wy hjir sa!
18… Lxg2 19 e7 Lxf1 Al wer in stik!
20 exd8 (D) kxd8 21 Dxf1… Slacht de kening op f1, dan koe ‘k de pion op h2 moai snippe mei de toer. As ik de dames no ruilje kom ik wol wat yn it foardiel, mar dan is de spanning út de partij.
21… Dc6 22 Tad1 Ld6 23 Dd3… Ik wie benauder foar Dame c4, pion f7 wie dan oerlevere.
23… kc7 24 f4… Smyt in blokkade op foar myn skoandere hynder.
24… Te8 25 kf2 Te4… Alles op ‘e oanfal!

  a b c d e f g h  
 8   8 
 7   7 
 6   6 
 5   5 
 4   4 
 3   3 
 2   2 
 1   1 
  a b c d e f g h  


25 Hxc3! Tsjisse sil wol tocht ha: in weardeleas hynder kin de kop der ek wol ôf ha.
26… bxc3 27 Dxc3 Db6… Doe’t ik de dame loslitten hie seach ik it moaie wite fjild b5.
28 kf3 Dc6… Of de toer wer nei e8? Wat kin skaken dreech wêze.
29 Da5+ kb7? Dêr ferpruts ik de lêste kâns om de happe nei b6 te spyljen.
30 Txd6 Txf4+ 31 Kxf4 Dxd6+ 32 kf3 Dd5+ Nije perspektiven!
33 kg4 He5+ Kin er dochs noch even springe.
34 kh5 Df3+ Hy hat noch mar ien fjild, sjoch ik ta myn fernuvering.
35 kh6 Dd3 Syn kening moat flechtsje nei g7, oars is it mei him dien.
36 kg7… Mei in remiseoanbod fan Tsjisse, dêr’t ik mei akkoart gie.
Wy beseagen nei ôfrin wat ús bêste fuortsetting wêze koe:
36… Dg6+ 37 kf8 Dxg5 38 Db5+ ka8 39 De8+ kb7 40 Db5+
In spannende partij. Sa soe ‘k wol faker skake wolle.

Henk Kuiper