{"id":8617,"date":"2022-03-17T06:01:39","date_gmt":"2022-03-17T06:01:39","guid":{"rendered":"http:\/\/philidor1847.nl\/?p=8617"},"modified":"2023-07-10T09:25:04","modified_gmt":"2023-07-10T09:25:04","slug":"philidor-1-wint-yn-de-beker-fan-neo","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/philidor1847.nl\/?p=8617","title":{"rendered":"Philidor 1 wint yn de beker fan NEO"},"content":{"rendered":"<p style=\"text-align: center;\"><strong>Siegbert de Jong<br \/>\n<\/strong><\/p>\n<p>It hat even duorre, mar de striid om de FSB-beker is no ek beg\u00fbn. Yn de earste ronde wiene wy noch frij, mar yn de twadde ronde moasten wy it opnimme tsjin NEO. Wy sieten yn Glinstra State yn Burgum yn in seal mei moaie grutte tafels en moai materiaal. De kofje wie fergees en dat is ek in komplimint fansels oan \u00fas tsjinstanners. Glinstra State is in b\u00fbtenferbliuw \u00fat 1855 en funksjonearret no as doarpsh\u00fbs. Spitigern\u00f4ch wie it al tsjuster doe\u2019t wy deroan kamen, dat wy koene it gebou net goed besjen. NEO is fansels folle lytser as Philidor, mar wy hiene de yndruk dat de opkomst heech wie. Erik Kruit sei noch dat dy net iens folle leger wie as de l\u00easte wiken by \u00fas. Blykber is de stap om nei de koroanakrisis wer nei de klup ta te gean by \u00fas grutter as by oare klups.<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p>Myn tsjinstanner knoeide wat yn it begjin fan it middenspul en d\u00eartroch kamen al syn stikken ferkeard te stean. It hynder op d2 koe allinnich noch mar nei b1, mar op d2 blokkearre hy de loper op c1 en sadwaande koe de toer op a1 ek net meidwaan. Ek de dame op b3 die net folle. It slimste wie dat al dy stikken op in bepaald momint f2 net mear dekke koene \u2013 wyt hie syn toer op d1 set en de loper fan g2 weromset nei f1 \u2013 en doe\u2019t him dat in pion koste, joech er it op. Doe\u2019t ik nei de analyze efkes by de oare buorden seach, foel it my ynienen op dat wy trije kear swart hiene! Hette en syn tsjinstanner wiene mei de ferkearde kleur beg\u00fbn. It wie my net earder opfallen, omdat ik Hette syn boerd net sjen koe \u00fat myn eigen plak wei. It kaam fansels ek wat troch de opstelling fan de tafels. Dy stiene net neistelkoar, mar yn in soarte fan fjouwerkant en alle wite en swarte stikken stiene ek oan deselde kant, wat yn in teamwedstriid ek noait it gefal is. En as bekend is w\u00ear\u2019t boerd 1 is, is dan boerd 2 achter boerd 1 of just d\u00earneist? Ik sei tsjin Erik Kruit dat Hette mei de ferkearde kleur spile, mar wy mienden dat der yn dit gefal \u2013 it wie ek al nei healwei tsienen \u2013 trochspile wurde moast. Doe\u2019t ik it th\u00fas neiseach, wie dat ek sa: as der al tsien setten spile binne, giet de partij gewoan fierder. De wedstriidlieder hie der blykber ek gjin erch yn. Boppedat stiene wy mei 1-0 foar en de trije oare partijen stiene der allegear noch goed foar. Ik tink dat NEO it pas yn \u2019e gaten kriget as se dit ferslach \u00fbnder eagen krije. Hette ferlear ek noch as iennichste. D\u00fbbel pech dus! Hy stie hartstikke moai mei syn frijpion op de damefleugel. It slagge him sels om syn swakke loper om te spyljen nei b4. Letter moat der dochs wat misgien w\u00eaze, want ynienen hie wyt twa stikken foar in toer en koe er mei syn sintrumpionnen nei foaren komme s\u00fbnder dat Hette der wat oan dwaan koe. En Hette syn frijpion dan? Dy stie hielendal f\u00east en wie dus net langer gefaarlik. Erik Kruit koe de wite pion op d4 feroverje en d\u00earnei \u00f4fwikkelje nei in einspul dat ienf\u00e2ldich te winnen wie. Erik Sparenberg hie nei de iepening de toutsjes yn hannen, doe\u2019t swart besleat om syn dame nei b7 te spyljen, wylst der in wite loper op g2 stie. Pe5-g6 wie noch in moaie set, dy\u2019t swart ek mist hie, mar it smiet dochs net al te folle op. By de st\u00e2n 2-1 hie Erik noch wol op winst spylje kinnen, mar fanwege it teambelang bea er remize oan. No moatte wy yn de wike fan 19 april tsjin de winner fan de wedstriid tusken WES en De Donger.<\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignleft size-full wp-image-8616\" src=\"https:\/\/philidor1847.nl\/wp-content\/uploads\/2022\/03\/NEO.ph1_.jpg\" alt=\"\" width=\"1111\" height=\"269\" srcset=\"https:\/\/philidor1847.nl\/wp-content\/uploads\/2022\/03\/NEO.ph1_.jpg 1111w, https:\/\/philidor1847.nl\/wp-content\/uploads\/2022\/03\/NEO.ph1_-300x73.jpg 300w, https:\/\/philidor1847.nl\/wp-content\/uploads\/2022\/03\/NEO.ph1_-1024x248.jpg 1024w, https:\/\/philidor1847.nl\/wp-content\/uploads\/2022\/03\/NEO.ph1_-768x186.jpg 768w\" sizes=\"auto, (max-width: 1111px) 100vw, 1111px\" \/><\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Siegbert de Jong It hat even duorre, mar de striid om de FSB-beker is no ek beg\u00fbn. Yn de earste ronde wiene wy noch frij, mar yn de twadde ronde moasten wy it opnimme tsjin NEO. Wy sieten yn Glinstra State yn Burgum yn in seal mei moaie grutte tafels en moai materiaal. De kofje [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":5,"featured_media":8616,"comment_status":"open","ping_status":"open","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[25],"tags":[],"class_list":["post-8617","post","type-post","status-publish","format-standard","has-post-thumbnail","hentry","category-fsb-beker"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/8617","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/5"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=8617"}],"version-history":[{"count":1,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/8617\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":8618,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/8617\/revisions\/8618"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/media\/8616"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=8617"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=8617"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=8617"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}