{"id":8811,"date":"2022-04-23T08:34:46","date_gmt":"2022-04-23T08:34:46","guid":{"rendered":"http:\/\/philidor1847.nl\/?p=8811"},"modified":"2023-07-10T09:23:41","modified_gmt":"2023-07-10T09:23:41","slug":"philidor-1-wint-yn-de-beker-ek-fan-de-donger","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/philidor1847.nl\/?p=8811","title":{"rendered":"Philidor 1 wint yn de beker ek fan De Donger"},"content":{"rendered":"<p style=\"text-align: center;\"><strong>Troch Siegbert de Jong<br \/>\n<\/strong><\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p>Yn de striid om de FSB-beker hat Philidor 1 yn de kwartfinale fan De Donger w\u00fbn en sit no dus yn de heale finale. It wie foar \u00fas in grutte ferrassing dat De Donger net mear yn hotel Van der Meer yn Dokkum spilet, mar yn in bowling- en sealesintrum yn Eastrum (Ned. Oostrum), eastlik fan Dokkum. Ik hie d\u00ear noch noait west en dat jilde foar \u00fas allegearre. Dat de klup net mear yn dat hotel spilet, d\u00ear sit in aaklik ferhaal oan f\u00east, sa\u2019t ien fan de leden my foar de wedstriid fertelde. It hat mei de foarige eigener fan it hotel te krijen. No sit der in nije eigener en dy hat fan de seal d\u00ear\u2019t De Donger altyd spile hotelkeamers makke. Dat betsjutte dus dat de skaakklup ferh\u00fazje moast. It wie \u00f4fr\u00fbne tiisdei wol wat in \u00fbngesellige boel yn dat bowlingsintrum: gjin bowlers en fierders ek hielendal gjin oare minsken yn it gebou. It gebou stie ek wat yn in soarte fan keal nimmensl\u00e2n, b\u00fbten Dokkum dus, mar ek b\u00fbten it doarp Eastrum sels.<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p>Hette wie as earste klear. Hy hie wer swart, mar diskear wie it wol de goeie kleur. Syn tsjinstanner joech earst syn pion op a3 wei en krige d\u00ear gjin inkelde kompensaasje foar. It waard allinnich mar slimmer foar him en doe\u2019t er ynseach dat er syn hynder op d2 ek noch kwytreitsje soe, joech er it op. By Erik kaam de ruilfariant fan it Fr\u00e2nsk op it boerd. It gong earst net geweldich, omdat krekt swart it inisjatyf krige en net wyt. Dat kin noait de bedoeling west hawwe, mar doe\u2019t Amir de belangrike pion op d5 weij\u00fbn hie, stie Erik gewoan in pion foar. Hy bea doe remize oan, omdat er derop fertroude dat der oan it boerd fan Maarten en my noch wol in punt bykomme soe foar de oerwinning. Maarten stie yn myn eagen net sa geweldich mei grutte gatten op d6 en f6 en in wyt hynder op e4, mar miskien foel it allegear ek wol wat ta. Fan de l\u00easte faze fan de partij haw ik neat sjoen, omdat ik sels noch oan \u2019e gong wie, mar ik hearde letter yn de auto dat wyt yn it einspul promoasje fan ien fan Maarten syn pionnen net tsjinh\u00e2lde kinnen hie. Ik hie sels in hiele moaie stelling, mar doe\u2019t ik earst in kwaliteit weijoech en d\u00earnei ek noch myn moaie frijpion op g6 wie it gebeurd. Mar doe wie de b\u00fat gelokkich al binnen. Krekt as yn de haadklasse spile De Donger tsjin \u00fas wer mei in ynfaller, mar oars hiene wy miskien ek wol w\u00fbn. Wa sil it sizze?<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p>Yn de heale finale moatte wy it no opnimme tsjin de winner fan de wedstriid tusken Snits en De Rode Loper. En dan wa wit yn de finale tsjin Philidor 2. Dat soe fansels moai w\u00eaze!<\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignleft size-full wp-image-8810\" src=\"https:\/\/philidor1847.nl\/wp-content\/uploads\/2022\/04\/Ph1.donger.jpg\" alt=\"\" width=\"1115\" height=\"275\" srcset=\"https:\/\/philidor1847.nl\/wp-content\/uploads\/2022\/04\/Ph1.donger.jpg 1115w, https:\/\/philidor1847.nl\/wp-content\/uploads\/2022\/04\/Ph1.donger-300x74.jpg 300w, https:\/\/philidor1847.nl\/wp-content\/uploads\/2022\/04\/Ph1.donger-1024x253.jpg 1024w, https:\/\/philidor1847.nl\/wp-content\/uploads\/2022\/04\/Ph1.donger-768x189.jpg 768w\" sizes=\"auto, (max-width: 1115px) 100vw, 1115px\" \/><\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Troch Siegbert de Jong &nbsp; Yn de striid om de FSB-beker hat Philidor 1 yn de kwartfinale fan De Donger w\u00fbn en sit no dus yn de heale finale. It wie foar \u00fas in grutte ferrassing dat De Donger net mear yn hotel Van der Meer yn Dokkum spilet, mar yn in bowling- en sealesintrum [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":5,"featured_media":6651,"comment_status":"open","ping_status":"open","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[47],"tags":[],"class_list":["post-8811","post","type-post","status-publish","format-standard","has-post-thumbnail","hentry","category-philidor1-fsb"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/8811","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/5"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=8811"}],"version-history":[{"count":1,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/8811\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":8812,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/8811\/revisions\/8812"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/media\/6651"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=8811"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=8811"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=8811"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}