{"id":9804,"date":"2023-02-26T16:49:22","date_gmt":"2023-02-26T16:49:22","guid":{"rendered":"https:\/\/philidor1847.nl\/?p=9804"},"modified":"2023-02-26T16:49:22","modified_gmt":"2023-02-26T16:49:22","slug":"philidor-1-leit-ut-de-beker","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/philidor1847.nl\/?p=9804","title":{"rendered":"Philidor 1 leit \u00fat de beker"},"content":{"rendered":"<h3 style=\"text-align: center;\">Troch Siegbert de Jong<\/h3>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignleft size-full wp-image-9803\" src=\"https:\/\/philidor1847.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/02\/Ph1.DTK_.bkr_.jpg\" alt=\"\" width=\"1133\" height=\"273\" srcset=\"https:\/\/philidor1847.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/02\/Ph1.DTK_.bkr_.jpg 1133w, https:\/\/philidor1847.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/02\/Ph1.DTK_.bkr_-300x72.jpg 300w, https:\/\/philidor1847.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/02\/Ph1.DTK_.bkr_-1024x247.jpg 1024w, https:\/\/philidor1847.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/02\/Ph1.DTK_.bkr_-768x185.jpg 768w\" sizes=\"auto, (max-width: 1133px) 100vw, 1133px\" \/><\/p>\n<p>En dus gjin k\u00e2ns om in ferfolch te jaan oan de bekerwinst fan foarich jier. By de st\u00e2n 1-1 seach alles der noch goed \u00fat. Maarten hie in moaie stelling en iksels hie op in bepaald stuit twa pionnen mear yn in einspul mei gelikense lopers. 3-1 siet der dus noch altyd yn en 2\u00bd-1\u00bd hie fansels ek gen\u00f4ch west om troch te gean nei de l\u00easte fjouwer. Mar it mocht allegear net sa w\u00eaze.<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p>Geert wie om healwei tsienen al klear. Syn tsjinstanner spile suver in modelpartij tsjin de Drakefariant fan it Sisiliaansk: 0-0-0, h2-h4-h5xg6, Le3-h6xg7 en Dd2-h6 en mat. Safier kaam it net, want it waard gjin mat, mar it koste swart wol beslissend materiaal. It karakteristike swarte kwaliteitsoffer (Tc8xc3) kaam noch wol op it boerd, mar dat wie lead om \u00e2ld izer. In partij dy\u2019t sa yn de boekjes kin om sjen te litten hoe\u2019t wyt de Drakefariant behannelje moat. It wie spitich dat de fariant d\u00ear\u2019t Geert noch in stikje oer skreaun hat op \u00fas website en d\u00ear\u2019t er noch noait mei ferlern hie, net op it boerd kaam.<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p>Migchiel siet diskear wol oan de goede kant fan de skoare. Yn de FSB-kompetysje hie er ek mei wyt noch ferlern fan Jeroen Weggen yn in Katalaanske partij. It waard no wer Katalaansk. Spannend waard it doe\u2019t swart in stik offere mei as kompensaasje in gefaarlike swarte frijpion op e2 dy\u2019t ek noch dekt waard troch in pion of f3, mar Migchiel f\u00fbn de b\u00easte ferdigening en dy hie Jeroen krekt mist. Doe\u2019t Maarten syn foardiel sl\u00fbpe liet en yn in einspul tel\u00e2ne kaam dat op ien tempo ferlern wie, wie ik myn foardiel \u00fbnderwilens ek kwytrekke. It draaide \u00fateinlik \u00fat op in stelling w\u00earby\u2019t beide partijen in nije dame helje koene, mar safier kaam it net, want it slagge my om yn in stelling mei elk noch mar trije stikken in loper wei te jaan. Gjin 3-1 of 2\u00bd-1\u00bd dus en sels gjin 2-2 mei in nije k\u00e2ns op in oerwinning by it snelskaken. Snelskake hie trouwens ek \u00fbngeunstich foar \u00fas west omdat Geert allang wer th\u00fas wie en Maarten noch altyd wat l\u00east hie fan syn linkerh\u00e2n. Nee, krektoarsom, it waard 1-3 foar DTK.<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Troch Siegbert de Jong En dus gjin k\u00e2ns om in ferfolch te jaan oan de bekerwinst fan foarich jier. By de st\u00e2n 1-1 seach alles der noch goed \u00fat. Maarten hie in moaie stelling en iksels hie op in bepaald stuit twa pionnen mear yn in einspul mei gelikense lopers. 3-1 siet der dus noch [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":5,"featured_media":0,"comment_status":"open","ping_status":"open","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[25],"tags":[],"class_list":["post-9804","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-fsb-beker"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/9804","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/5"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=9804"}],"version-history":[{"count":2,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/9804\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":9806,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/9804\/revisions\/9806"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=9804"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=9804"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/philidor1847.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=9804"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}