K.S.C. PHILIDOR 1847

Philidor 1-Mid Fryslân 2 3½-½

Troch Siegbert de Jong

T Philidor 1 1928 Mid Fryslan 2 1626 ½ di 19 nov
1. Auke van der Heide 2084 Osama Arabi 1721 1 0
2. Maarten Etmans 2000 Jeroen Sparenberg 1752 ½ ½
3. Siegbert de Jong 1853 Femke Koning 1546 1 0
4. Hette van Popta 1776 Julian Frijlink 1487 1 0
 

Auke, Hette en ik stiene nei de wedstriid wat nei te praten en doe stelde Auke ynienen út om dit ferslach yn it Frysk te skriuwen. Doe’t ik der letter oer neitocht, moast ik ek al gau tinke oan Henk Kuiper, dy’t dat oait in kear earder of miskien wol faker dien hat. Leden dy’t al moai wat jierren lid binne (en binne wy dat allegear net?) sille him noch wol kenne. Tsjisse Hettema die it ek wol. Fan him kaam ik in ferslach yn it Frysk tsjin út de foarige iuw.

En dat allegearre foar samar in gewoane wedstriid yn de FSB-bekerkompetysje. Us tsjinstander wie it team fan Mid Fryslân 2, dat gewoanlik yn de twadde klasse fan de FSB-kompetysje spilet en yn de earste wedstriid foar de bekerkompetysje tsjin ús lotte hie. It ferskil yn rating wie grut (1928 tsjin 1626), mar ik moat sizze dat it team út Akkrum him fan de goede kant sjen liet. It waarden allegear lange partijen en net ien fan ús hie it echt maklik.

Ik wie as earste klear, mar doe hie ik ek al 44 setten dien. It wie in rêstige partij, wêryn’t ik úteinlik in kwaliteit wûn. Mei in toer op de sânde rige en de swarte kening op g8 koe swart allinnich noch mar doelleas wat mei har hynder omspringe. Auke wie as twadde klear. Hy fûn dat er in moaie set dien hie (28.Ld5! sjoch diagram). En dat wie ek sa. Nei de setten by it diagram gong de partij noch fierder, mar dat fûn Auke net de muoite wurdich om te publisearjen.


Maarten kaam moai út de iepening mei in prachtich hynder op c5, iepen linen tsjin de wite kening en de wite loper dy’t lucht stie te happen op d5, mar krekt doe’t er in pion wûn, gong it mis. Ynienen kaam der in stelling op it boerd dy’t hy ferlieze moatten hie. Syn tsjinstander miste de winst yn it pionne-einspul, mar wie gelokkich net al te teloarsteld, want in remize tsjin Maarten wie foar him fansels ek in moai resultaat.

Hette wûn as lêste, mar hy hie it ek net maklik. Neffens him hie wyt aardige kânsen hân op in keningsoanfal, mar dat kaam net op it boerd. Syn tsjinstander hie wol kâns om trije kear deselde stelling op it boerd te krijen, mar hy miende dat der mear yn siet foar him, ek al stie er in pion achter. Hy tocht te lang nei oer de mooglikheden dy’t der miskien noch wiene en fergeat doe om goed om de klok te tinken.

Geef een reactie