K.S.C. PHILIDOR 1847

Philidor 1 wint yn de beker fan NEO

Siegbert de Jong

It hat even duorre, mar de striid om de FSB-beker is no ek begûn. Yn de earste ronde wiene wy noch frij, mar yn de twadde ronde moasten wy it opnimme tsjin NEO. Wy sieten yn Glinstra State yn Burgum yn in seal mei moaie grutte tafels en moai materiaal. De kofje wie fergees en dat is ek in komplimint fansels oan ús tsjinstanners. Glinstra State is in bûtenferbliuw út 1855 en funksjonearret no as doarpshûs. Spitigernôch wie it al tsjuster doe’t wy deroan kamen, dat wy koene it gebou net goed besjen. NEO is fansels folle lytser as Philidor, mar wy hiene de yndruk dat de opkomst heech wie. Erik Kruit sei noch dat dy net iens folle leger wie as de lêste wiken by ús. Blykber is de stap om nei de koroanakrisis wer nei de klup ta te gean by ús grutter as by oare klups.

 

Myn tsjinstanner knoeide wat yn it begjin fan it middenspul en dêrtroch kamen al syn stikken ferkeard te stean. It hynder op d2 koe allinnich noch mar nei b1, mar op d2 blokkearre hy de loper op c1 en sadwaande koe de toer op a1 ek net meidwaan. Ek de dame op b3 die net folle. It slimste wie dat al dy stikken op in bepaald momint f2 net mear dekke koene – wyt hie syn toer op d1 set en de loper fan g2 weromset nei f1 – en doe’t him dat in pion koste, joech er it op. Doe’t ik nei de analyze efkes by de oare buorden seach, foel it my ynienen op dat wy trije kear swart hiene! Hette en syn tsjinstanner wiene mei de ferkearde kleur begûn. It wie my net earder opfallen, omdat ik Hette syn boerd net sjen koe út myn eigen plak wei. It kaam fansels ek wat troch de opstelling fan de tafels. Dy stiene net neistelkoar, mar yn in soarte fan fjouwerkant en alle wite en swarte stikken stiene ek oan deselde kant, wat yn in teamwedstriid ek noait it gefal is. En as bekend is wêr’t boerd 1 is, is dan boerd 2 achter boerd 1 of just dêrneist? Ik sei tsjin Erik Kruit dat Hette mei de ferkearde kleur spile, mar wy mienden dat der yn dit gefal – it wie ek al nei healwei tsienen – trochspile wurde moast. Doe’t ik it thús neiseach, wie dat ek sa: as der al tsien setten spile binne, giet de partij gewoan fierder. De wedstriidlieder hie der blykber ek gjin erch yn. Boppedat stiene wy mei 1-0 foar en de trije oare partijen stiene der allegear noch goed foar. Ik tink dat NEO it pas yn ’e gaten kriget as se dit ferslach ûnder eagen krije. Hette ferlear ek noch as iennichste. Dûbel pech dus! Hy stie hartstikke moai mei syn frijpion op de damefleugel. It slagge him sels om syn swakke loper om te spyljen nei b4. Letter moat der dochs wat misgien wêze, want ynienen hie wyt twa stikken foar in toer en koe er mei syn sintrumpionnen nei foaren komme sûnder dat Hette der wat oan dwaan koe. En Hette syn frijpion dan? Dy stie hielendal fêst en wie dus net langer gefaarlik. Erik Kruit koe de wite pion op d4 feroverje en dêrnei ôfwikkelje nei in einspul dat ienfâldich te winnen wie. Erik Sparenberg hie nei de iepening de toutsjes yn hannen, doe’t swart besleat om syn dame nei b7 te spyljen, wylst der in wite loper op g2 stie. Pe5-g6 wie noch in moaie set, dy’t swart ek mist hie, mar it smiet dochs net al te folle op. By de stân 2-1 hie Erik noch wol op winst spylje kinnen, mar fanwege it teambelang bea er remize oan. No moatte wy yn de wike fan 19 april tsjin de winner fan de wedstriid tusken WES en De Donger.

 

Geef een reactie