K.S.C. PHILIDOR 1847

Philidor 1 wint yn de beker ek fan De Donger

Troch Siegbert de Jong

 

Yn de striid om de FSB-beker hat Philidor 1 yn de kwartfinale fan De Donger wûn en sit no dus yn de heale finale. It wie foar ús in grutte ferrassing dat De Donger net mear yn hotel Van der Meer yn Dokkum spilet, mar yn in bowling- en sealesintrum yn Eastrum (Ned. Oostrum), eastlik fan Dokkum. Ik hie dêr noch noait west en dat jilde foar ús allegearre. Dat de klup net mear yn dat hotel spilet, dêr sit in aaklik ferhaal oan fêst, sa’t ien fan de leden my foar de wedstriid fertelde. It hat mei de foarige eigener fan it hotel te krijen. No sit der in nije eigener en dy hat fan de seal dêr’t De Donger altyd spile hotelkeamers makke. Dat betsjutte dus dat de skaakklup ferhúzje moast. It wie ôfrûne tiisdei wol wat in ûngesellige boel yn dat bowlingsintrum: gjin bowlers en fierders ek hielendal gjin oare minsken yn it gebou. It gebou stie ek wat yn in soarte fan keal nimmenslân, bûten Dokkum dus, mar ek bûten it doarp Eastrum sels.

 

Hette wie as earste klear. Hy hie wer swart, mar diskear wie it wol de goeie kleur. Syn tsjinstanner joech earst syn pion op a3 wei en krige dêr gjin inkelde kompensaasje foar. It waard allinnich mar slimmer foar him en doe’t er ynseach dat er syn hynder op d2 ek noch kwytreitsje soe, joech er it op. By Erik kaam de ruilfariant fan it Frânsk op it boerd. It gong earst net geweldich, omdat krekt swart it inisjatyf krige en net wyt. Dat kin noait de bedoeling west hawwe, mar doe’t Amir de belangrike pion op d5 weijûn hie, stie Erik gewoan in pion foar. Hy bea doe remize oan, omdat er derop fertroude dat der oan it boerd fan Maarten en my noch wol in punt bykomme soe foar de oerwinning. Maarten stie yn myn eagen net sa geweldich mei grutte gatten op d6 en f6 en in wyt hynder op e4, mar miskien foel it allegear ek wol wat ta. Fan de lêste faze fan de partij haw ik neat sjoen, omdat ik sels noch oan ’e gong wie, mar ik hearde letter yn de auto dat wyt yn it einspul promoasje fan ien fan Maarten syn pionnen net tsjinhâlde kinnen hie. Ik hie sels in hiele moaie stelling, mar doe’t ik earst in kwaliteit weijoech en dêrnei ek noch myn moaie frijpion op g6 wie it gebeurd. Mar doe wie de bút gelokkich al binnen. Krekt as yn de haadklasse spile De Donger tsjin ús wer mei in ynfaller, mar oars hiene wy miskien ek wol wûn. Wa sil it sizze?

 

Yn de heale finale moatte wy it no opnimme tsjin de winner fan de wedstriid tusken Snits en De Rode Loper. En dan wa wit yn de finale tsjin Philidor 2. Dat soe fansels moai wêze!

 

Geef een reactie