Door Siegbert de Jong
De finale om de FSB-beker 2021-2022 oftewol de Berend Nauta-bokaal waard ôfrûne moandei yn Burgum spile, dêr’t wy te gast wiene by NEO. Op neutraal terrein dus en moai tusken Ljouwert en Bûtenpost yn. De ûntfangst wie prima. De foarsitter fan NEO – dat ik nim teminsten oan – hjitte ús wolkom. Hy hope dat it net sa’n lange sit wurde soe as de bysetting fan keningin Elizabeth, dy’t dy middeis op ’e telefyzje te sjen west hie. Dat hie ek net bêst west, want dan hiene wy der miskien noch wol sitten doe’t de fûgels tiisdeitemoarn wer begûnen te sjongen. Hy lei ek in ferbân tusken de keningin yn it skaakspul en de keningin yn de minskewrâld. Elizabeth hie blykber belangryk west, mar dat is ús eigen keningin op it skaakboerd fansels ek. De spilers fan NEO dy’t oan de ynterne kompetysje meidiene waard op it hert lein om harren eigen partijen rêstich te analysearjen en ek dat slagge bêst. De kofje wie fergees en der kaam ek noch in skaal met wat lekkers foarby. Fierders moaie tafels en moai materiaal. Bettere tafels yn elk gefal as de lytse kampeartaffeltsjes dêr’t it FK no al trije kear op ferspile is en de earste KNSB-wedstriid. Der wie sels soarge foar in ekstra wite en swarte dame, dy’t yn in doaske klearleine. NEO hie ek foar in wedstrydlieder soarge.
De wedstriid begûn mei in nederlaach fan ûnderskreaune, mar dat wie fansels gjin ferrassing mei syn skoare fan ien punt út ’e lêste seis partijen. Gelokkich koe Erik K. de skoare wer gelyk meitsje (sjoch partij). Mei help fan syn tsjinstanner wûn er earst in kwaliteit en letter de partij.
It koe doe alle kanten wer op. Erik S. krige in remize-oanbod fan Jeroen. It kin trouwens ek oarsom west hawwe. It stie by him frijwat gelyk en dat wie by Maarten doe ek noch it gefal. Oan beide buorden hiene wy wol in foarsprong op de klok en Maarten lit yn de lêste faze fan de partij faak syn bêste nivo sjen. In ûngeunstige stelling wurdt dan faak noch ombûgd yn in gelikense stelling en in gelikense stelling feroaret gauris noch yn in foardielige stelling. Boppedat hie ik net safolle fertrouwen yn in goed resultaat as it 2-2 wurde soe en der fluggere wurde moatte soe. Erik S. spile dus noch eefkes troch, mar doe’t Maarten in pion foar kaam te stean, waard it dochs remize oan it earste boerd. It wie doe al gau foar elkenien dúdlik dat Maarten op winst stie. Sjoch mar ris hoe’t er it hyndereinspul dat op it boerd kaam en dat by it begjin fan it fragmint noch sawat gelyk stie mei help fan wyt – dat wol – yn winst wist om te setten.
In huldiging wie der net. Der wie gjin beker om út te rikken en fan it FSB-bestjoer wie ek net ien oanwêzich. Wy hiene ferwachte dat Dolf Wissmann, by wa’t de Berend Nauta-bokaal noch yn ’e kast stie, de beker meinimme of útrikke soe of yn alle gefallen derfoar soargje soe dat de beker yn Burgum ferskine soe – eventueel yn oparbeidzjen mei foarsitter Jan Hibma fan de FSB, mar dat slagge allegear net, sa mailde Dolf ús de oare deis. Ik nim oan dat Philidor de beker no útrikt krijt op de ALV fan de FSB en dy stiet no tongersdei op it programma. En dêrnei by ús yn ’e materiaalkast…
De foto fan ús fjouweren is mei Erik K. syn tastel nommen troch de man achter de bar yn kafee De Rus yn Ljouwert, dêr’t wy nei ôfrin noch in wolfertsjinne konsumpsje namen om de bekerwinst te fieren. De bar yn Burgum wie al ticht, mar wy moasten dochs werom nei Ljouwert. Wy wiene noch krekt op ’e tiid, dat der wie noch mar tiid foar ien konsumpsje, mar mear wie ús bedoeling ek net.