K.S.C. PHILIDOR 1847

Philidor 1 leit út de beker

Troch Siegbert de Jong

En dus gjin kâns om in ferfolch te jaan oan de bekerwinst fan foarich jier. By de stân 1-1 seach alles der noch goed út. Maarten hie in moaie stelling en iksels hie op in bepaald stuit twa pionnen mear yn in einspul mei gelikense lopers. 3-1 siet der dus noch altyd yn en 2½-1½ hie fansels ek genôch west om troch te gean nei de lêste fjouwer. Mar it mocht allegear net sa wêze.

 

Geert wie om healwei tsienen al klear. Syn tsjinstanner spile suver in modelpartij tsjin de Drakefariant fan it Sisiliaansk: 0-0-0, h2-h4-h5xg6, Le3-h6xg7 en Dd2-h6 en mat. Safier kaam it net, want it waard gjin mat, mar it koste swart wol beslissend materiaal. It karakteristike swarte kwaliteitsoffer (Tc8xc3) kaam noch wol op it boerd, mar dat wie lead om âld izer. In partij dy’t sa yn de boekjes kin om sjen te litten hoe’t wyt de Drakefariant behannelje moat. It wie spitich dat de fariant dêr’t Geert noch in stikje oer skreaun hat op ús website en dêr’t er noch noait mei ferlern hie, net op it boerd kaam.

 

Migchiel siet diskear wol oan de goede kant fan de skoare. Yn de FSB-kompetysje hie er ek mei wyt noch ferlern fan Jeroen Weggen yn in Katalaanske partij. It waard no wer Katalaansk. Spannend waard it doe’t swart in stik offere mei as kompensaasje in gefaarlike swarte frijpion op e2 dy’t ek noch dekt waard troch in pion of f3, mar Migchiel fûn de bêste ferdigening en dy hie Jeroen krekt mist. Doe’t Maarten syn foardiel slûpe liet en yn in einspul telâne kaam dat op ien tempo ferlern wie, wie ik myn foardiel ûnderwilens ek kwytrekke. It draaide úteinlik út op in stelling wêrby’t beide partijen in nije dame helje koene, mar safier kaam it net, want it slagge my om yn in stelling mei elk noch mar trije stikken in loper wei te jaan. Gjin 3-1 of 2½-1½ dus en sels gjin 2-2 mei in nije kâns op in oerwinning by it snelskaken. Snelskake hie trouwens ek ûngeunstich foar ús west omdat Geert allang wer thús wie en Maarten noch altyd wat lêst hie fan syn linkerhân. Nee, krektoarsom, it waard 1-3 foar DTK.

Geef een reactie